"Boeren moatte molke rinne litte"

06 jan 2016 - 09:23
  • Boeren moatte molke rinne litte

Boeren yn benammen it noarden fan Fryslân moatte molke fuortrinne litte, om't dy net ophelle wurde kin. Dat seit wurdfierder Jelle Breeuwsma fan Melkweg, in bedriuw dat de molke ophellet. Tiisdei is der gjin molke ophelle fanwege glêde diken. Benammen yn it noarden fan Fryslân en in part fan Drinte binne grutte problemen. Om seis oere woansdeitemoarn is alles wer opstart en binne molkweinen de dyk opgien.

De opstart giet lykwols hiel stadich, om't it noch altyd glêd is. De sjauffeurs binne wol ûnderweis, mar hawwe ek de ynstruksje meikrigen dat se gjin risiko's nimme meie.

It opheljen fan de molke giet hiel stadich, fertelt wurdfierder Jelle Breeuwsma. It is fanwege de glêde diken noch altyd lestich om op alle plakken te kommen. Der is woansdeitemoarn ek al in molkewein de sleat ynriden, wit Breeuwsma.

Melkweg hat de hiele nacht telefoantsjes krigen fan boeren dy't net witte wat se mei de molke dwaan moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)