"Boeren moatte kij ynleverje fanwegen Europeeske regels"

03 mrt 2016 - 19:36
  • Kij yn de greide

Der binne tefolle kij yn Nederlân en dêrom moatte eins alle boeren kij ynleverje. Allinne dan kin Nederlân oan Europeeske miljeu-ôfspraken foldwaan. Dat is de útkomst fan in oerlis tusken de melkfeehâlders en steatssekretaris Martijn van Dam fan Ekonomyske Saken. 

It giet om it fosfaat, dat yn kowedong sit. Boeren meie in bepaald maksimum oan fosfaat produsearje. Dat is regele yn it saneamd fosfaatrjochtestelsel, dat op 1 jannewaris yngiet. Nederlân hat net genôch rjochten foar de hjoeddeistige feesteapel.

"We moeten nu iets doen", seit Van Dam tsjin de NOS. "We doen er alles aan om de gevolgen voor de boeren beperkt te houden. Dat doen we zo eerlijk mogelijk." It tal kij is it ôfrûne jier bot groeid, omdat it molkkwotum ôfskaft is. Dêrtroch produsearret Nederlân no tefolle dong.

It tal kij moat mei fjouwer oant acht persint omleech. Boeren mei in protte eigen lân om de dong op út te riden, meie wol mear kij hâlde as oare boeren. Op dit stuit is it lykwols noch net dúdlik hoe't it krekt berekkene wurdt. Melkfeehâlders kinne tenei ek de fosfaatrjochten ferhannelje. Dêrtroch kinne boeren mei minder grûn aanst mear kij hâlde. 

Boer Ids de Groot fan Waaksens hopet dat er syn kij hâlde kin troch fosfaatrjochten fan oare boeren te keapjen. Mar dat sil him wol flink wat jild kostje. De Groot hat syn feestapel de ôfrûne tiid útwreide fan 70 nei 170 kij, en om dy ûnderdak te jaan liet er ek in nije stâl bouwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)