Boeren meie mear melke

20 nov 2008 - 17:06
  • Boeren meie 2,5 prosint mear  melke

Boeren meie yn 2009 2,5 persint mear melke. Dat ha Europeeske ministers fan Lânbou tongersdei ôfpraat yn Brussel. Mei dy ferromming kinne molkfeehâlders profitearje fan de groeiende fraach nei suvel yn de wrâld.

Oant 2015 wurdt it molkkwotum mei 1 persint yn it jier ferhege. Dêrnei wurdt de kwotearring definityf ôfskaft. Dy waard yn 1984 ynsteld omdat fierstente folle molke produsearre waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)