Boeren meie mear melke

17 mrt 2008 - 17:09
  • In súkseske foar Verburg en de molkfeehâlders: twa persint kwotum der by

Molkfeehâlders meie fan 1 april ôf twa persint molke mear leverje. De Europeeske ministers fan lânbou ha dat moandei yn Brussel besletten op oantrunen fan 'e Nederlânske minister Gerda Verburg. De molkpriis is op it stuit heech. Dat komt benammen troch de grutte fraach út Sina.

Foar boeren betsjut 2 persint ekstra molke in moaie ynstruier. De VVD frege yn it Europeesk Parlemint om 3 persint mear, mar dat foarstel helle it net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)