Boeren meie langer dong útride

30 aug 2014 - 15:19

Boeren meie dit jier twa wike langer dong útride as oars. Steatssiktarissen Sharon Dijksma en Wilma Mansveld hawwe der tastimming foar jûn fanwege it wiete waar fan de lêste wiken. Betingst is wol dat se dêrnei gewaaksen plantsje dy't maklik stikstof opnimme.

Gewoanwei meie de boeren oant 31 augustus dong útride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)