Boeren meie lân langer ynsiedzje

08 apr 2015 - 18:10
  • In lân fol mûzegatten

Sa'n hûndert boeren dy't lêst hawwe fan mûzeskea meie it lân langer ynsiedzje. It giet dan allinnich om boeren dy't oan agrarysk natuerbehear dogge. Dizze boeren meie yn stee fan 1 april, no oant 15 april ynsiedzje. En letter fan healwei juny ôf yn stee fan 1 augustus ôf. De ôfspraken binne makke yn oerlis tusken ferskate partijen lykas it ministearje fan Ekonomyske Saken, LTO en provinsje Fryslân.

Wybren van Stralen fan LTO lit witte dat dit beslút hiel wichtich is foar it agrarysk natuerbehear yn Fryslân. Neffens him soenen sûnder de maatregels in soad boeren ôfstappe fan it agrarysk natuerbehear, en oerstappe nei it gebrûk fan turbogers. Van Stralen kin noch net sizze oft de mûzepleach, dy't it súdwesten fan Frysân al skoft yn 'e besnijing hâldt, foarby is. Yn it kerngebiet is it minder, mar yn it rânegebiet binne der noch wol in soad mûzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)