Boeren meie earder dong útride

11 jan 2012 - 16:10
  • trekker

Boeren meie dit jier twa wike earder dong útride as oars. Steatssekretaris Bleker hat dêr yn Brussel tastimming foar frege. Gewoanwei meie se 15 febrewaris begjinne, mar dat mei dit jier fan 1 febrewaris ôf. Boeren sitte mei grôtfolle dongkelders, om't se ferline simmer fanwege it wiete waar folle minder dong útride koene. Boeren dy't gjin romte mear ha foar dong sykje ekstra opslach by kollega's of by aparte bedriuwen. Se kinne de dong ek bewurkje litte sadat de fêste dielen derút helle wurde en de jarre oerbliuwt. Dat jout dan wer mear romte yn de kelders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)