Boeren mei mûzeskea meie lân noch net omploegje

21 jan 2015 - 16:13
  • Mûzegongen yn it lân by De Jouwer

Boeren kinne foarearst noch neat dwaan tsjin de mûzepleach. Ek de kommende fjirtjin dagen mei it lân net omploege wurde. Dat hat steatssekretaris Dijksma fan ekonomyske saken woansdei sein yn in debat oer de lânbou. Op it skrassen fan it ferbod wie oantrune troch de VVD. Ek in fergoeding foar de skea sit der noch net yn, seit deputearre Johannes Kramer.

In grut part fan de Twadde Keamer fynt dat it falt ûnder it gewoane bedriuwsrisiko. De fêste keamerkommisje is fan doel ynkoarten sels te sjen yn it troffen gebiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)