Boeren kinne dreger liene

07 jan 2013 - 14:19

Tradisjonele boeren krije it de kommende jierren dreger om in liening te krijen by de bank. It draait mear as ea om ûndernimmerskip. Dat ferwachtet direkteur Durk Mous fan de Rabobank Noardeast-Fryslân.

Op 't heden binne de molkprizen goed, mar nei alle gedachten ferdwine de molkkwota yn 2015. Boeren moatte dan produsearje foar de wrâldmerk en moatte tûker ûndernimme om te oerlibjen. Dat betsjut net dat gewoane famyljebedriuwen gjin jild mear liene kinne. Neffens Mous slagje krekt dy der faak yn om harren ferplichtings nei te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)