Boeren hearre letter dizze moanne mear oer skeafergoeding

06 jan 2016 - 19:47
  • De molke rint fuort

FrieslandCampina sil letter dizze moanne besjen oft boeren dy't dizze dagen de molke fuortrinne litte moatte ek skeafergoeding krije. Op dit stuit wurdt der mei fertraging molke ophelle yn Fryslân en Drinte. De auto's fan FrieslandCampina binne wol allegear ûnderweis, mar kinne op guon plakken dreech komme.

Fan de 3000 boeren dêr't molke fan ôfnommen wurdt binne der 450 dêr't de molke net ophelle is. FrieslandCampina fynt dat tige sneu, mar seit dat it net ferantwurde wie om te riden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)