Boeren hawwe negatyf selsbyld

08 jul 2000 - 14:07

Boeren fiele harren hieltyd minder wurdearre troch de maatskippij. Dat docht bliken út in enkête fan boereorganisaasje LTO. Noch mar 37 prosint fan 'e boeren fielt harren akseptearre.

De útkomst is apart as men betinkt dat boargers krekt positiver oer boeren begjinne te tinken. Trijefjirde fynt dat in boer goed wurk docht, twa jier lyn wie dat noch de helte fan 'e boargers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)