Boeren ha soarch oer neisoarch

16 des 2005 - 16:23

Fryske boeren meitsje har soargen oer de takomst fan it greidefûgelbehear. Nei de negative útspraak fan de Raad van State oer it aaisykjen, binne de boeren benaud dat fûgelbeskermers net mear oan neisoarch dwaan wolle. Dan soe de boer it sels dwaan moatte.

Guon boeren wolle de fûgelwachten wol betelje foar neisoarch. De organisaasje Boerennatuur sil ûndersykje hoe't de gearwurking tusken de boeren en de fûgelwachten behâlden wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)