Boeren ha fee faker yn greide

02 maaie 2013 - 15:40
  • Kij yn de lisboksstâl

Der komt ûnder boeren hieltyd mear animo foar de greidegong. Dat seit Durk Durksz fan de Dairy Campus yn Ljouwert. Nei de kâlde maitiid koene ferline wike lang om let de kij wer nei bûten. De iene boer fynt weidzjen in foardiel, oare boeren hâlde de kij leaver op stâl.

Under boeren is in soad misferstân oer it weidzjen. De Dairy Campus besiket dêrom mei kursussen de boeren by te spikerjen, sadat de diskusje oer it weidzjen op in goede wize fierd wurde kin en net allinnich op basis fan emoasjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)