Boeren fiere wer aksje

15 sep 2009 - 21:25

Melkfeehâlders sille woansdei wer aksje fiere foar in earlike molkpriis. De aksje is ûnderdiel fan in gruttere kampanje dy't op Europeesk nivo fierd wurdt.

De boeren wurde dizze kear troch de Dutch Dairymen Board oproppen om woansdeitemiddei nei it parkearplak fan it Mercure hotel yn Arnhem te kommen. Dêrnei sille se mei harren allen in ferrassingsaksje hâlde. Wat dy krekt ynhâldt, wurdt geheim hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)