Boeren fiere opnij aksje tsjin lege molkpriis

12 nov 2015 - 10:29
  • Protest fan boeren by in eardere aksje yn Brussel op 7 septimber lêstlyn
  • Wietze van der Wijk fan administraasjekantoar Praktisch Geregeld
  • Harm Wiegersma, boer en foarsitter fan it melkfeehâlders fakbûn

Melkfeehâlders fiere tongersdei wer aksje. Der wurdt yn Den Haach aksjefierd tsjin de lege molkpriis fan dit momint. Se freegje omtinken foar de minne finansjele sitewaasje fan guon boeren.

Troch it ôfskaffen fan it molkkwotum is de molkpriis keldere. It gefolch is dat der swier ûnder de kostpriis wurke wurdt. Dat is in grutte bedriging foar in soad melkfeehâlders. Neffens de boeren moat it lânboubelied feroare wurde, bygelyks de dongwetjouwing.

Finansjeel ekspert Wietze van der Wijk fan Praktisch Geregeld hat is soad boeren as klant. Syn administraasjekantoar sjocht de problemen by de boeren hieltyd grutter wurden.

Harm Wiegersma, sels boer en dêrnjonken foarsitter fan it NMV (Nederlandse Melkveehouders Vakbond), giet hjoed net nei Den Haach om aksje te fieren. Hy sil yn Grins oerlizze oer de fosfaatrjochten, in wichtich ûnderwerp yn dit dossier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)