Boeren ferwurkje gemeentegrien

04 jul 2011 - 15:24

Skarsterlân is de earste gemeente yn Nederlân dy't in projekt begjint mei Agraryske Grienstasjons. Dizze grienstasjons komme by boeren op it hiem te stean en dêr wurdt grienôffal lykas blêden en tûken ferwurke ta kompost.

Sa kinne boeren besparje op keunstdong en de gemeente is minder jild kwyt om it grienôffal ôf te fieren. Skarsterlân ynvestearret 10.000 euro yn it projekt. De bedoeling is dat de pilot yn septimber úteinset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)