Boeren demonstrearje by EU

20 okt 2010 - 06:38

Mear as tûzen melkfeehâlders demonstrearje woansdei yn Straatsburg. Se steane mei har trekkers by it parlemintsgebou fan de Europeeske Uny. De boeren wolle dat de Europeeske Uny regels opstelt sadat se yn de takomst ûnderhannelje kinne oer de priis.

Dêr moat neffens Sieta van Keimpema fan de Dutch Dairymen Board gau in beslút oer falle om't it kwotum yn 2015 ôfrint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)