Boeren bringe kij faker nei de slachter

11 des 2014 - 14:07
  • Kij op stâl

Fryske boeren ha it swier. De molkpriis is de ôfrûne tiid bot sakke. No stean ek de prizen foar slachtfee ûnder druk. In soad boeren bringe oertallige kij nei de slacht om't it troch de lege molkpriis hast geunstiger is in ko te slachtsjen as te melken. Dit jier gong it tal slachtkij mei sawat in tredde omheech.

De situaasje sil net gau ferbetterje. Takom jier wurdt it molkkwotum ôfskaft en meie boeren frij produsearje. De fleisprizen bliuwe ûnder druk stean. Troch beheinings kin der gjin fleis nei België en Dútslân eksportearre wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)