Boeren bliid mei mooglikheid groei nei ôfskaffen molkkwotum

30 mrt 2015 - 13:42
  • Janita ten Berge, LTO Noard

Melkfeehâlders binne bliid dat it molkkwotum op 1 april ferdwynt om't harren bedriuwen dan fierder groeie kinne. Betingst is wol dat der genôch grûn is om de kij te weidzjen.

It stânpunt fan steatssiktaris Sharon Dijksma dat alle kij nei bûten kinne moatte, wurdt manmachtich stipe yn de Twadde Keamer. Yn de suvelsektor en ûnder de melkfeehâlders is ek in soad draachflak foar de maatregel. Allinnich Milieudefensie is negatyf en tinkt dat de feesteapel út syn foegen groeie sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)