Boeren binne troch kuil hinne

15 apr 2013 - 11:13

Foeraazjehannelers ha it op it stuit drok mei it leverjen fan kuil en ynkuilde snijmais oan feehâlders. Troch de lange winter binne in soad boeren troch de eigen kuil hinne.

Oars waard der ek noch wol byfuorre mei jirpels of woartels, mar dêrfan is mear foar minsklike konsumpsje brûkt as oare jierren, omdat der folle langer winteriten lykas stampot iten is. Dat seit Abe Postma fan foeraazjehannel Postma yn Gau. De prizen foar it foer binne troch dizze oarsaken al langer hiel heech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)