Boeremoeting yn Noard-Fryslân

24 des 2007 - 10:30

De Ynterfryske Ried siket dielnimmers foar de boeremoeting dy't yn febrewaris hâlden wurdt. It giet om in útwikseling tusken boeren út it Dútske Noard- en Eastfryslân en boeren út ús eigen provinsje. De moeting is yn it Noardfryske Bredstedt yn Dútslân.

De boeremoeting wurdt al foar de 48e kear hâlden. Op it program stiet in besite oan in biogasynstallaasje op it eilân Pellworm. Mear ynformaasje is te finen op de webside www.fryskerie.nl.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)