Boerecamping wint priis

23 mrt 2011 - 16:55
  • It Swalkersstee yn De Tike

Boerecamping Swalkersstee fan De Tike hat de Gastfrij-Frysk-award fan 2010 wûn. Tûzenen minsken hiene har stim útbrocht op ferskate hoareka- en toeristyske bedriuwen yn de provinsje. Dêr kamen úteinlik 14 nominaasjes út.

Neffens de sjuery steane de eigners foar wat Gastfrij Frysk betsjut, nammentlik beskieden, grutsk en in soad kennis fan de omjouwing. Boppedat lite se gasten frij, mar steane wol klear as minsken dêr ferlet fan hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)