Boerebeurs De Jouwer sit fol

23 sep 2010 - 14:36
  • Foto's: Omrop Fryslân

De Agraryske Skou op 'e Jouwer lûkt hieltyd mear bedriuwen en ynstellings. Se litte dingen op lânbougebiet sjen. Om't de beurs yn deselde tiid as de Jouster Merke en de hynstemerk is, komme der sawat 5000 besikers op ôf.

De beurs is mei 105 standhâlders no fol. It park Heremastate is te lyts foar mear dielnimmers. Der is in wachtlist foar nije dielnimmers. De organisaasje tinkt nei oer in lytsere ferzje derby, bygelyks ûnderdak by 't winter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)