Boere-PC yn Stiens

08 jun 2006 - 23:17

Boeren yn Fryslân kamen tongersdei yn aksje by de allerearste boere-PC. Yn Stiens lutsen 96 boeren en boerinnen út hiel Fryslân de keatsmof oan en lieten de drokte fan de buorkerij achter om in baltsje te slaan.

Foar de taskôgers wie der in keatsclinic dy't hâlden waard troch âld-topkeatsers Piet Jetze Faber, Sake Porte, Tjerk de Groot en Johannes Brandsma. De organisaasje wie tefreden oer de opkomst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)