Boere-organisaasjes om tafel

12 jun 2008 - 20:09

Ferskate boere-organisaasjes stappe freed om tafel om foar te kommen dat it konflikt oer de molkpriis fierder út de hân rint. Boeren fan de Dutch Dairymen Board blokkearden earder molkfabriken om de molkpriis omheech te krijen. Dit ta grutte lulkens fan lânbou-organisaasje LTO.

Neffens de LTO ha de aksjes grutte gefolgen hân foar de ûnderlinge ferhâldings tusken boeren. Friesland_Foods hat it inisjatyf nommen foar it oerlis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)