Boere-aksjes yn Brussel

18 jun 2009 - 22:24

Al dagen, en ek freed, protestearje sa'n tûzen boeren út hiel Europa yn Brussel foar hegere molkprizen. De demonstraasjes lykje oant no ta gjin resultaat te hawwen. In petear mei Europeeske ministers hat der bygelyks noch net west.

De sfear yn Brussel wurdt dan ek stadichoan grimmitich. Sa besocht in boer mei syn trekker troch de plysje-ôfsetting te brekken. De plysje brûkte daliks traangas. Dútske boeren ha oankundige dat se noch wiken bliuwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)