Boere-aksje by Schuitema

14 sep 2009 - 12:14
  • De trekkeraksje fan de DDB-boeren by Schuitema yn Woerden

Fjirtich boeren hawwe moandei mei tsien trekkers by supermerkbedriuw Schuitema yn Woerden west om oandacht te freegjen foar de molkpriiskrisis. Se fine dat de supermerken har net langer bûten de diskusje oer molkprizen hâlde kinne. It giet om in aksje fan de Dutch Dairymen Board. DDB-boeren fiere op it stuit ek aksje foar in bettere priis troch middel fan in molkstaking. Sieta van Keimpema fan 'e DDB docht mei oan de aksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)