Namme Friesland Bank ferdwynt

09 des 2013 - 14:35

Yn it ramt fan de oergong fan de Friesland Bank nei de Rabobank wurde dizze wike alle buorden fan de Friesland Bank fan de gebouwen helle. En dêrmei ferdwynt it symboal fan dizze bank definityf út it strjitbyld. De oername fan de Friesland Bank troch de Rabobank hat grutte gefolgen foar alle belutsenen. Boppedat ferliest Fryslân in wichtige wurkjouwer, fynt Bauke Wijbrandi , lid fan de ried fan bestjoer fan de Rabobank.

Dat in soad klanten en in diel fan de wurknimmers wer ûnderdak krije by de Rabobank docht dêr neat oan ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)