Boerd Waadsee ûntbleate

12 apr 2013 - 14:32
  • Untbleating boerd Waadsee

By Dokkumer Nije Silen is it earste Waadsee Wrâlderfguodboerd fan Nederlân ûntbleate. It boerd moat minsken derfan bewust meitsje dat de Waadsee in bysûndere status hat.

Yn Dútslân steane op ferskate plakken al buorden. Yn Nederlân komme ek op oare plakken noch buorden te stean. Yn 2009 hat de Waadsee in plak op de UNESCO Wrâlderfguodlist krigen.

It boerd is ûntbleate troch deputearre Schokker fan de provinsje Fryslân, wethâlder De Graaf fan de gemeente Dongeradiel en regioambassadeur Noord Nederlân Verhulst fan it Ministearje fan Ekonomyske Saken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)