Boerd Voedselbank poater

09 jan 2013 - 14:30
  • Boerd voedselbank Dantumadiel

It boerd dat it paad wiist nei de Voedselbank Dantumadiel yn Damwâld is kwyt. It boerd is foar it lêst sjoen yn 'e lêste wike fan 2012. Foarsitter Alle Flootman fan 'e Voedselbank Dantumadiel tocht earst oan in âldjiersfyt. No't it boerd noch net werom is, hat er oanjefte dien. It boerd stie der sûnt heal novimber en is sponsore troch soarchkwekerij Wâldgrien. Dat in nij boerd jild kostet, is noch net iens it slimste, mar dat ien sa'n boerd meinimt, falt de frijwilligers oergryslik ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)