Boerd 'Twizel' dochs ferpleatst?

06 feb 2004 - 00:00

It plaknammeboerd fan Twizel oan de Rykswei moat ferpleatst wurde. Dat fynt de gemeenteried fan Achtkarspelen. Fjouwer famyljes dy't oan de Rykswei wenje, falle no ûnder de beboude kom fan Twizel, wylst har postadres yn Koatstertille is.

Oan dy situaasje kin in ein komme as it beboude-kûmboerd fan Twizel ferpleatst wurdt. Wethâlder Van der Veen sil no mei de provinsje om 'e tafel om oer de saak te praten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)