Boerd foar snelheid stellen

14 des 2011 - 20:30

De gemeente Lemsterlân hat oanjefte dien by de plysje fan in stellen ferkearsboerd. It giet om in saneamde dynamyske snelheidsyndikator. Dat is in boerd dat oanjout hoe hurd as je ride.

It stie oan de Melkweg op 'e Lemmer. Dêr mei maksimaal 30 kilometer yn de oere riden wurde. Mar in pear dagen neidat it dêr stie is it boerd stellen. De gemeente hopet dat de dieder gau fûn wurdt. It boerd kostet 3500 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)