Boer yn Fryslân gemiddeld 52

04 jun 2013 - 12:19

Boeren yn Fryslân binne gemiddeld hast 52 jier âld. Dat docht bliken út sifers fan in agrarysk ûndersyksburo. Dat hat sjoen nei de leeftiden fan boeren yn it hiele lân.

Dêrút docht bliken dat Grinslân de jongste boeren hat. Dy binne gemiddeld hast 50 jier âld. Yn Gelderlân wenje de âldste boeren, mei yn trochsneed in leeftyd fan 53 jier. De measte boeren yn Nederlân binne tusken de 45 en 55 jier âld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)