Boer wint earste 500 op NK

05 jan 2013 - 15:54
  • Margot Boer

Titelferdigener Margot Boer fan Goaiïngaryp is sneon goed begûn oan it NK sprint yn Grins. Boer lei de 500 meter winnend ôf yn 39.18. Thijsje Oenema fan De Jouwer waard twadde yn 39.30, Laurine van Riessen tredde yn 39.38.

Marrit Leenstra waard kreas fjirde yn 39.42 en Anice Das einige as fyfde yn 39.71. Annette Gerritsen waard mar njoggende yn 39.94, krekt foar Ireen Wüst yn 39.98.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)