Boer wiis mei har seizoen

16 mrt 2014 - 17:04

Margot Boer sjocht tefreden werom op har wrâldbekerfinalewykein. Op de 500 meters wienen der twa fyfde plakken. Op de 1000 meter waard Boer snein twadde efter Ireen Wüst. Benammen op de 500 meters ûntbruts de skerpte by de sprintster fan Goaiïngaryp. 'Het is lastig om je weer op te laden na die ontlading op de Olympische Spelen', liet se witte.

Yn Sotsji pakte Boer it brûns op de 500 en 1000 meter. De Olympyske plakken wienen har absolute hichtepunt dit seizoen. 'Twee keer op een Olympisch podium te mogen staan, was een droom die uitkwam.'

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)