Boer set drone yn om stikstofgehalte gers te mjitten

18 mrt 2016 - 12:25
  • Christel Thijssen (rjochts) mei syn drone yn it lân by Ketlik

Om út te finen hoe't it lân derby leit, kinne boeren no ek gebrûk meitsje fan in drone. Mei in kamera yn sa'n fleantúchje kin bepaald wurde wat it stikstofgehalte yn it gers is en dêr kin de boer syn mestbelied dan op ôfstimme. Handich foar de boer en goed foar it miljeu.

It is foar it earst dat in drone mei dizze tapassing ynset is boppe it gerslân fan boer Michiel Kroes fan Ketlik. Leanbedriuw Thijssen út Nijhoarne ferhiert de drones. It bedriuw hat grutte ferwachtings fan dizze aktiviteit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)