Boer sechsde, Lee fenomenaal

16 nov 2013 - 22:18

Margot Boer is op de twadde 500 meter by de wrâldbeker yn Salt Lake City opnij sechsde wurden. Har tiid wie fjouwer hûnderste stadiger as op freed. No kaam se yn 37.32 oer de streek. Thijsje Oenema waard 14e yn 37.62, Mayon Kuipers 17e yn 37.92 (in pr) en Anice Das 19e yn 38.01. It echte sprintgeweld kaam lykwols wer fan de Súd-Koreaanse Sang-Hwa Lee. Dy ried opnij in wrâldrekôr: 36.36, har tredde rekôr yn ien wike. Heather Richardson waard twadde mei in persoanlik rekôr fan 36.90, Olga Fatkulina fan Ruslân tredde yn 37.13.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)