Boer rydt op auto mei man yn

13 okt 2008 - 16:49
  • De skea oan de auto dy´t yn it paad stie

Yn Ingwierrum is in boer moandei mei syn trekker op in auto mei ynsittende ynriden. De man yn ´e auto blokkearre it paad nei it lân fan ´e boer, wêrnei´t it skeel út ´e klauwen rûn.

Al jierren is der yn it doarp reboelje oer de rûte dy´t de boer nei syn lân nimt. De grutte lânboumasines soene foar in soad skea soargje, wylst dat mei in alternative rûte foarkommen wurde kin. Gerke_Huizinga seit dat er in soad skea hat fan ´e lânboumasines fan boer Jensma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)