Boer rêdt bestjoerder auto

11 feb 2011 - 15:43
  • (foto: www.stjoerder.nl)

Boer Henk Postma hat freedtemiddei in automobilist fan in wisse dea rêde kinnen. De bestjoerder wie mei syn auto de sleat ynriden. It ûngelok barde op de Sânwei by Menaam. Troch ûnbekende oarsaak rekke de man de macht oer it stjoer kwyt en bedarre op de kop yn 'e sleat. De tafallich passearende boer Postma hat mei syn trekker de auto wer út de sleat lutsen.

De man, in ynwenner (33) fan Sint Anne, is mei ferwûnings oerbrocht nei it Medysk Sintrum yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)