Boer pakt twadde winst op 500m

06 jan 2013 - 15:27

Margot Boer hat snein har twadde oerwinning op de 500 meter by it NK sprint yn Grins pakt. Lykas sneon wie de rydster fan Goaiïngaryp de rapste op it iis fan iisbaan Kardinge. Boer sette in tiid fan 38,98 op it boerd. Dat wie net allinnich de iennichste tiid ûnder de 39 tellen, mar betsjutte boppedat in nij baanrekôr.

Twadde waard Laurine van Riessen yn 39,30. Thijsje Oenema fan De Jouwer einige as tredde yn 39,37. Marrit Leenstra foel krekt bûten de top 3 mei har tiid fan 39.39. Anice Das, wenjend op It Hearrenfean, waard fyfde yn 39,74.

Troch de oerwinning giet Margot Boer wer oan de lieding yn it klassemint. Leenstra stiet twadde, folge troch Oenema.

Nei de twadde 500 meter is ek dúdlik hokker rydsters har pleatst hawwe foar it twadde diel fan de wrâldbekerwedstriden. Foar Nederlân sille útkomme Thijsje Oenema, Margot Boer, Laurine van Riessen, Marrit Leenstra en Anice Das.

By de manlju gong de winst op de twadde 500 meter nei Ronald Mulder, dy't in winnende tiid fan 35.23 klokte. Jan Smeekens (35.32) einige lykas sneon as twadde, folge troch Kjeld Nuis (35.62). Jesper Hospes fan It Hearrenfean einige as bêste Fries op it 7e plak mei in tiid fan 35.82. Sjoerd de Vries fan Twellingea waard 9e mei 35.90.

Yn it klassemint giet Ronald Mulder oan de lieding, folge troch Hein Otterspeer en Stefan Groothuis. De Vries stiet achtste yn it klassemint, Hospes tsiende.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)