Boer pakt sulver yn Moskou

28 jan 2011 - 16:19
  • Margot Boer (argyffoto: Sportfoto.nl)

Reedrydster Margot Boer fan Grou hat freed by de wrâldbekerwedstriden yn Moskou in sulveren medalje helle. De rydster fan de Ligaploech kaam op de Krilatskoebaan ta in tiid fan 38,56 sekonden op de 500 meter en wie dêrmei 0,01 sekonde rapper as de Amerikaanse Heather Richardson.

It goud gie nei Jenny Wolf. De Dútse kaam nei 37,90 oer de streek en wie dêrmei leafst 0,66 fan in sekonde flugger as Boer. Thijsje Oenema fan De Jouwer einige mei 39,20 as njoggende.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)