Boer njonken poadium op 1000 m

09 mrt 2014 - 14:39

Margot Boer fan Goaiïngaryp is snein krekt njonken it poadium einige op de 1000 meter by de wrâldbekerwedstriden yn Inzell. Boer sette in tiid fan 1.15.40 op 'e klok en kaam dêrmei út op in fjirde plak.

De winst gong nei de Amerikaanse Heather Richardson, dy't mei 1.14.87 fierwei de rapste wie. Lângenoate Brittany Bowe waard twadde yn 1.15.26 en wist dêrmei de Russin Olga Fatkulina (1.15.34) krekt foar te bliuwen. Marrit Leenstra fan Wikel waard mei har tiid fan 1.15.61 sechsde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)