Boer krijt fee wer werom

04 maaie 2006 - 09:53

Boer Itte Miedema fan Grou krijt syn fee wer werom. Op 17 maart fan dit jier rekke de feehâlder 63 kij en 8 keallen kwyt omdat de Ynspeksjetsjinst se yn beslach naam. It fee soe neffens it OM fertutearze wêze. De rjochtbank besleat woansdei lykwols dat it fee ûnder betinksten wer werom kin.

De boerepleats fan Miedema moat skjin wêze, de feearts moat de kij geregeld kontrolearje en Miedema syn broer moat no en dan in eachje yn't seil hâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)