Boer komt Ned. rekôr benei

20 jan 2013 - 20:21

Margot Boer kaam op de twadde dei fan it wrâldbekerreedriden yn Calgary mei in nij persoanlik rekôr op de 500 meter it âlde rekôr fan Andrea Nuyt benei. Boer ried 37.54 en dat ried Nuyt op 13 febrewaris 2002 yn Salt Lake City mei de Olympyske Spelen. Boer waard tredde op it rappe iis, achter Heather Richardson yn 37.42. In klasse apart wie de Koreaanse Sang-Hwa Lee. Lee ferbruts it wrâldrekôr fan de Sinese Jing Yu. Dy hie in jier lyn yn Calgary 36.94 riden, Sang-Hwa Lee klokte in prachtige 36.80.

Thijsje Oenema waard njoggende yn 37.85. Marrit Leenstra komt allinne yn aksje op de 1000 meter. By de manlju wie der opnij winst foar Jan Smeekens op de koartste ôfstân. Hy kaam wer yn de buert fan it Nederlânske rekôr dat er sneon op 34.32 sette. No ried er 34.39. Joji Kato waard twadde yn 34.44, Michel Mulder tredde yn 34.55.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)