Boer Koatstertille langer fêst

23 apr 2009 - 16:30

In 62-jierrige feehâlder fan Koatstertille moat noch 30 dagen langer fêstsitte. De man waard foarige wike oanhâlden, doe't de ynspeksjestjinst, de AID, syn kij meinimme woe. De boer waard dêrby sa lilk dat er mei in trekker op de meiwurkers fan de AID ynried. De man wurdt poging ta deaslach ten leste lein.

Op 20 maaie besjocht de rjochter kommissaris op 'e nij oft de man noch langer fêsthâlden wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)