Boer kampioen, fal Wüst

01 mrt 2014 - 21:39
  • Margot Boer
  • Margot Boer en Michel Mulder, de kampioenen op de sprint

Margot Boer is foar de fjirde kear yn har karriêre sprintkampioene fan Nederlân wurden. De Goaiïngarypster hie oan in twadde plak op de lêste 1000 meter genôch om krekt as yn 2009, 2011 en 2012 it goud te pakken yn it einklassemint. Boer ried 1.18.53 op de 1000 meter, Lotte van Beek wie mei 1.17.95 de bêste en pakte it sulver yn de einstân. Ireen Wüst, freed mei oermacht de sterkste op de earste 1000 meter, gong nei 600 meter ûnderút. Sadwaande pakte Thijsje Oenema it brûns.

Margot Boer, 'goud gelokkich' mei twa kear brûns op de Olympyske Spelen, wûn yn Amsterdam de beide 500 meters. Op de 1000 meter waard se tredde en twadde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)