Boer helpt wettersporter

21 sep 2013 - 12:45
  • Boer en Haven

Boeren kinne toeristen helpe en om dat te stimulearjen wurdt in netwurk Boer&Haven oprjochte. Boeren soene benammen wettersporters helpe kinne mei bygelyks in sloep. Studinten fan it Nordwin College en Van Hall Larenstein steane klear om har dêr by te helpen, bygelyks help by romtlike oardeningprosedueres oant it ûntwerpen fan in steiger. Sa kinne der plakken komme om te oernachtsjen as boatsjeminsken sels gjin romte yn har boat ha mei ûnderweis plakken om iis of tsiis te keapjen of meidwaan oan in ekskurzje.

Op tiisdei 8 oktober is yn Warns in ynformaasjejûn oer it inisjatyf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)