Boer dea by ûngelok mei trekker

17 des 2006 - 12:51

By in slim ûngelok is sneon in feehâlder (39) út Eastrum om it libben kaam. De man wie dwaande mei wurksumheden oan in jarretank, dy't achter in trekker siet.

De man is nei alle gedachten tusken it draaimeganisme tusken de trekker en de tank kaam. Helptsjinsten dy't op it plak fan it ûngelok oankamen, koene neat mear foar de boer dwaan. It slachtoffer lit in frou en fjouwer bern nei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)