Boer De Vries meant syn greide yn desimber

30 des 2015 - 16:05

Yn Nij Beets is wat bysûnders bard op it lân fan maatskip De Vries. Tiisdei is dêr fyftjin bunder greide meand en woansdei is it gers dêr ôf helle. En dat is best bysûnder yn desimber. De leanwurker moast alles wer út de stalling helje foar dizze put en oare boeren sjogge der ek nuver fan op. Mar foar Machiel de Vries is it in logyske stap no't der safolle gers op it lân stie.

Hy is benaud dat de seadde ferrottet as der dochs noch in lading snie op komt te lizzen. It gers wurdt mongen mei de earste sneed fan takom jier en dan fuorre oan de kij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)