Boelensloane wol bankje werom

20 des 2005 - 14:38

Boelensloane wol it bankje by it doarpshûs De Smoutte weromhawwe. De gemeente Achtkarspelen hat it der weihelle fanwege oerlêst fan jeugd, sûnder oerlis mei it doarp. De gemeente wol Pleatslik Belang net yn 'e mjitte komme en it bankje weromsette.

It bankje soe fuortweihelle wêze op fersyk fan de plysje, sadat dy by oerlêst optrede kin. Pleatslik Belang wol no witte wêrom't de plysje net goed optrede kin, as it bankje der wol stiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)